Winners Jacob Klaver yn it sintsje setten mei in gesellige pubkwis In nij jier is altyd in moai momint om foarút en werom te sjen. Sadwaande hie keatsferiening Jacob Klaver op 16 jannewaris nijjiersborrel yn de Wjukken. Om de jûn wat ‘swung’ te jaan wie der in heuse JacobKlaverPubkwis betocht. En wa’t pubkwis seit, seit gesellichheid en dêr hâlde de leden fan dizze feriening wol fan. De opkomst wie dan ek prima mei sa’n 50 jonge en âlderein. Der waarden in stik as 8 groepkes samensteld. Om net allinnich de priiswinners yn it sintsje te setten, waarden ek de ferskillende frijwilligersgroepen yn de pubkwis beneamd. Want hoefolle krânsen wurde der elk jier wol net makke? En wat moat je absoluut net opromje nei ôfrin fan in keatswedstriid? En wa wiene de grutste winners op de dei dat de Jong Famme partij keatst waard? Dat wiene fansels Mette Tilma, Veerle van der Werff en Mirthe Goodijk. Sy wûnnen yn Wjelsryp de 3e priis op it NK Pupillen. Se waarden nei foaren helle en krigen noch in kado fan de feriening. 46 | Mandeguod maart 2026
47 Online Touch Home