April 2023 9 4 Maaie Betinking 2023 op Skillaerd Yn it Frysk Museum yn Ljouwert is ek it Fersetsmuseum ûnderbrocht. Omdat it wer kin, ha we der yn ’e foarjiersfakânsje west. In yndrukwekkende tentoanstelling oer de Twadde Wrâldoarloch mei tal fan ferhalen dy’t je by bliuwe. It ferhaal fan de Joadske bern Bram (9 jier) en Eva Beem (11 jier) út Ljouwert dy’t ferret waarden en de oarloch net oerlibben. De hûnderten persoansbewizen oan de muorre. It neimakke fakânsjehûs op it Amelân foar neibesteanden fan Fryske fersetsstriders, je kin it ferline fiele en hast beetpakke. Ien ferhaal makke grutte yndruk op ús. In pear skuon, twa legerkistjes út de Twadde Wrâldoarloch. Schoenen van de waanzin Een paar legerkistjes van een Amerikaanse vliegenier die met zijn toestel neerstort bij Ferwert. Een Duitse militair neemt de schoenen mee als hij de wrakstukken moet ruimen. Een paar dagen later geeft hij de schoenen aan een joodse onderduiker. Het verzetsmuseum in Leeuwarden is geopend van dinsdag tot en met zondag van 11.00 – 17.00 uur. Van harte aanbevolen voor jong en oud. Op 4 maaie 2023 betinke we op Skillaerd dat wy hjir in Nederlân yn frijheid libje kinne. Yn de Mandeguod fan maaie folget mear ynformaasje. Kommisje 4 Maaie Betinking Skillaerd
10 Online Touch Home