14

It reparaasje­ of “opknapkafee” fan Mantgum “Sille wy dêr ris hinne?” seine wy tsjin elkoar, doe’t wy it stikje fan Jelle liezen yn de krante. De repair-meiwurker dy’t mei de kofjekanne te set gie, ûnduts nei hiel geduldich sykjen wat de kwaal krekt wie. Yn it ôfslutende deksel wie in hiel lyts staafke midstwa brutsen. Ta ús ferrassing wist hy de oplossing. Want wêr fine jo presys sa’n staafke? Mar hy wist it! Jierren lyn hie hy in staafke bewarre dat brûkt wurdt om in polshorloazje fêst te meitsjen. Hy hie grutte doazen mei spul “foar it gefal dat” en ja, hy fûn it staafke, en de kofjepot wie der mei rêden! Mei twa foar ús ûnoplosbere problemen ha wy it der op weage! Mei in âlde pop út de tiid dat poppen noch net prate en sliepe koene. De beide earms sieten der net mear oan, mar se wiene der noch wol. It oare probleem wie in kofjekanne, wêrfan’t it lid net mear die, wat er dwaan moast. Keapje dan dochs in nije pop en in nije kofjekanne, soene je sizze, mar nee, wy hiene in sin by sawol de poppe as by de kofjekanne. Dy kofjekanne haw ik yn 2018 krigen nei it lieden fan in sjongtsjinst mei it Kwartettekoar yn de Martinitsjerke fan Snits. Ik die sokke byienkomsten altyd fergees, mar krige doe as tank dy kofjekanne mei it opskrift: ”Hâld dan de lofsang geande!” 14 | Mandeguod april 2026

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication