17

mei 2021 17 Noch in ferhaaltsje fan de âld bakfyts is dat der in fers fan de bakker en syn fyts makke is yn 1992 foar de Doarpsrevue by it 50-jierrich bestean fan de kuorbalklub WTEF – no WWC. Tekst fan Romke Toering en muzyk fan Jaap Oosterwijk. Klompen traapje, it ketting kreaket, fytser fluitet, ’t wyntsje streaket Reade holle, alpinopetsje, learen jas mei fjoer yn ’t sjekje Ids bakker Ids, hy is it jawis, Ids bakker Ids hy is ’t sûndermis Bôle bakke, keatse, kaarte, rommelmerk, oer ’t túnkjen prate As bakker ûnderweis , as doarpsman op reis Foar it belang fan ’t algemien Makke Ids van der Ende fan twa fytsen ien. Katsjes teare pûden iepen, noasdrip boppe bôlekoer De fytstas fol gevulde koeken, hinget de âlde tromp oan ’t stjoer Wite, brune, kuch en steurkes, in pensee mefrou is Frâns Kreakelingen, guod neibringe, op earste krystdei de lêste krans. Dikke fingers, opskriuwboekje, in potleadstompke dat fertelt Krekt santjin en in heale gûne, fytse brede skouders troch de kjeld. (Ut: Fytser fluitet) Wy jouwe it stokje troch oan Hilda Dolstra en Menno Bonekamp. Eef Heinhuis - ervaren trainer Mindfulness categorie 1 MBSR - MBCL - IMP Zenmeditatie Meer weten? Telefoon: 0612822712 eefheinhuis@8je.nl - www.8je.nl Dokter Fokkewei 10/12, Mantgum

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication