44

44 Mandeguod 40 jier lyn – Kuierke troch Mantgum Al wer 40 jier lyn, de revue “It Kuierke troch Mantgum”. Opfierd op de merke van 1981 en yn de hjerst fan dat jier op de boppeseal fan it kafee, doe it kafee fan Job Postma. Dêr repetearden wy ek fan febrewaris ôf. De nije foarsitter fan de merkekommisje Jan Mulder en regisseur Romke Toering stiene tink ik oan it begjin fan dit barren. Ik wie fan ‘79 ôf de muzykman by it iepenloftspul yn Jorwert, dêr’t Romke de rezjy die, dat hy frege my de muzyk te meitsjen en mei te spyljen. As trompettist moat ik sizze: in hiele nije útdaging, mar ik bin noch altyd bliid dat ik ‘ja’ sein ha. Hette en Griet van der Wal, Hette spile ek gitaar, Jeltsje de Boer, Tet Kamsma, Baukje Aukes, sy spile ek de alt-saksofoan, gitaar en fioele, Jaap Noorman op baritonsaks, Hotze Karsten en Herman Bosma makken de “cast” kompleet. It wie in revue fan, foar en oer Mantgum. De skets oer Herr Jelleman, de âld kafeebaas Jellema, mei Jeltsje boppe op myn piano stiet my noch goed foar de geast. Krekt as it ferske fan Hette en Gryt oer de trein dy’t hjir no stoppe en Hette syn kâlde fuotten. Willem Goïnga, amtner op it gemeentehûs, wenne dêr skeef tsjinoer, fûn dat nei de útwreiding fan Mantgum d’r in protte ûnbekende gesichten oan syn rút foarby gongen en hie dêroer in gedicht makke. Dêr ha’k muzyk op makke en dat waard it liet “Mantgum, do bist dy sels net mear”. Dat it foar de Mantgumers makke wie, hiene de minsken goed troch en sy diene ús wrotten ear oan. Tsjokfol wie de tinte oan it binnenpaad, pûle letterlik út. En ek op ’e boppeseal hiene we in folle bak. Foar Romke, Hette, Jeltsje en my wie dit ek de opstap nei Ratatette, in kabaretselskip dat in oantal jierren yn Fryslân winterjûnenocht brocht. Arjen Toering en Janke Singelsma en natuerlik de technykman Henk van Wieren makken dat selskip kompleet. Moaie tiid. Jaap Oosterwijk

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication