47

mei 2021 47 Presintaasje Tresoar ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ Foar it earst sûnt jierren koene wy dizze winter wer reedride op natoeriis. De iisbanen yn Fryslân sieten fol mei besikers dy’t genietsje woene fan de iiswille. Hoe lizze iisbanen derhinne as de maaitiid wer begjint, as it iis wer fuort is en it wetter fan ’e iisbaan ôf? Iensum en ferlitten no’t der net mear op riden wurde kin? Nee, se wurde brûkt, en hoe! Der wurdt op keatst, fuotballe en kuorballe. Hynders, kij en skiep rinne te weidzjen op it stikje lân. Der wurde gewaaksen op ferboud. En wannear’t iisbanen der dochs ferlitten by lizze, dan biede se rûmte foar rêst en besinning. Tresoar bringt fan 21 maart o/m 24 maaie 2021 mei de digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ Fryske iisbanen yn ’e maaitiid yn byld. Skilderijen, pinhole fotografy, poezij en mear Yn in fideosearje fertelle keunstners en dichters de maaitiidsferhalen fan de Fryske iisbanen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen èn yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels. De keunstners en dichters fertelle dy wêr’t se troch ynspirearre reitsje en hoe’t se te wurk gean. Dêrneist jouwe se dy tips oer hoe’st sels mei skilderjen, fotografearjen en dichtsjen oan ’e slach gean kinst. Ek leit der krekt foar de maaiefakânsje in DIY-pakketsje klear foar bern om kreatyf oan ’e slach te gean mei it tema ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’. Selfieboerd De maaitiid mei har oprinnende temperatueren en natoer dy’t him ûntjout nûget út om sels op paad te gean. Kuierje of fyts nei dyn eigen iisbaan of ien yn ‘e buert. Hoe leit dy derhinne? Wurdt der op sport, rint der fee te weidzjen of is it in hearlik, rêstich plak? Meitsje der in foto fan, diel dizze mei de hashtag #iisbaanynemaaitiid en wa wit ynspirearrest mei dyn foto wol oare doarpen en stêden. Wieke de Haan hat al in earste stap dien mei in moaie foto by in iisbaan. Mear witte? Sjoch op de webside en socialmediakanalen fan Tresoar.

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication