5

mei 2021 5 Yn ús famyljeferhalen wie âlde Feik reedlik legendarysk: hja wie foar de duvel net benaud. As der yn de oarloch fan 40-45 troch de Dútskers wer ris in aksje wie om hynders te foarderjen, dan waard de kêde fan ús pake-en-dy gau nei it hok achter it hûs fan âlde Feik brocht oant it gefaar wer geweken wie. Alde Feik bleaun altyd kalm! Sa’n frou dy’t har ûnder net maklike omstannichheden dochs altyd rêde, sûnder in sosjaal fangnet sa’t we tsjintwurdich hawwe, sokke minsken, dêr moatte je respekt foar ha. Al dy winkellju fan destiids mei har lytse winkels mei beheinde romte en in noch beheinder assortimint: in dreech bestean, mar dochs holden hja de kop der foar! Lys Scarse

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication