64

64 Mandeguod Poppen út Mantgum foar Kamp Morra Yn in stik lân by it doarp Moarre, boppe yn Fryslân, stiene op 2 april 4.222 poppen yn in stik lân. Dizze poppen stiene symboal foar de bern dy’t sûnder âlders yn flechtlingekampen, lykas Moria yn Grikelân, ferbliuwe. Op www.kampmorra.nl stiet folle mear oer dizze aksje. Fanút Mantgum ha de Kjirremjirre froulju 20 poppen oanlevere: 20 bamboestokken dy’t ferline simmer tsjinst dien ha as beantsjestokken op ‘e bou, binne brûkt foar dit doel. De stokpoppen moasten 1.80 m heech wêze en hiene in dwersstok nedich om in trui of in jas oan te hingjen. In holle fan in stik karton en in fytslampke oan ‘e boppekant om ek jûns en nachts de yndrukwekkende oandacht te freegjen foar it flechtlingeprobleem. Eins wol spitich dat de poppen mar sa koart stien ha, mar wol wer moai dat der in hiel soad frijwilligers soarge ha dat it fjild ek wer kreas achterlitten is. De klean wurde nei Moria tabrocht en troch alle publisiteit om it projekt hinne is der op dizze wize in statemint makke. Dukke, Jorinde, Marja en Wieke Foto’s: Bob de Boer photography

65 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication