10 Mandeguod 4 maaie Betinking 2023 op Skillaerd Op in sneontemoarn rin ik troch it noch stille sintrum fan Ljouwert. Flakby de Grutte Tsjerke falt in striel sinneljocht op it glêzen monumint foar alle Ljouwerter Joadske slachtoffers. Soenen de Ljouwerter joadske bern Eva en Bram Beem der ek opstean? frege ik mysels ôf. Mar 11 en 9 jier waarden se, doe’t se begjin 1944 ferret waarden op harren ûnderdûkplak yn Ermelo op ’e Veluwe. It monumint is folle grutter as ik tocht, ik bin der stil fan. Ja, dêr stean harren beide nammen, omkommen op 6 maart 1944 yn Auschwitz, in konsintraasjekamp yn Poalen dêr’t 1,1 miljoen minsken om it libben kamen. Der steane 544 nammen op it Joadske monumint yn Ljouwert. Fan de lytse 700 leden dy’t de Joadske gemeente telde, wienen der nei de oarloch noch mar 150 oer. Fan de ynformaasje yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert wit ik dat de Heit en Mem fan Eva en Bram Beem troch in wûnder de oarloch wol oerlibbe ha. Dit wie omdat se op in oar plak ûnderdûkt wienen as harren bern. Pas moannen nei de befrijing heare sy wat der mei harren leave Eva en Bram bard wie. Nea sille se oer dit ferlies hinne komme. ‘We laitsje allinich mei ús gesicht, net mear mei ús hert’ sizze se. De bern binne der net mear.
11 Online Touch Home