Mei 2023 17 gewearsalvo’s (allinne it lûd, hear, der wurdt net mei hagel sketten, al soe dat wol mear effekt hawwe!), mei ljochtflitsen en as de bisten dan nóch net om lyk wolle, dan komt de heechwurker mei de man mei de stôk en dy weeft dan yn ien kear ôf mei dy notoare dwerslizzers, dan wurdt de wenning sels sloopt. Dat die de gemeente eartiids ek mei minsken dy’t men “a-sosjalen” neamde, dy waarden oant yn ’e jierren fyftich bûten it doarp ûnderbrocht yn wat apart lizzende húskes, dan wiene se nimmen ta lêst. Besjoch de roeken mar as a-sosjale minsken, se raze, krasse en skite mar wat raak sûnder mei oaren rekken te hâlden. Dan meie wy se ferbalje! Hjir rekket de gemeente in lestich punt mei: roeken binne beskerme en meie winliken net samar ferballe wurde! Mar der is noch in oar effekt en dat makket it wat pynlik, dêr hat de gemeente net goed oer neitocht. Ik skreau it al, oan it paadsje njonken ús hûs stiet in dennebeam, it roestplak foar ús Mantgumer hoarn-ûlen, de oare beskerme fûgel. En dizze hoarn-ûlen lizze harren aaien faak yn ’e ferlitten nêsten fan… de roeken. Sa wurket dat yn ’e natoer, fûgels brûke graach oaremans nêsten, dy bisten witte al lang wat in sirkulêre maatskippij betsjut, freegje it mar oan ’e koekoek. Jo fiele him wol oankommen: de roekenêsten binne fernield, de roeken ferballe en no fine dy earme hoarn-ûlen gjin nêstplak mear, want sels nêsten bouwe hawwe se net leard. Koart sein: de beam njonken ús hûs is no leech, it paadsje is wer skjin, wy hoege net mear rare maneuvels te meitsjen om by de auto te kommen. En jûns is it stil. Deastil. Sa hat ús eigenste gemeente yn ien klap twa beskerme fûgels út it doarp ferballe omdat der wat minsken klage hawwe oer stront, oer lawaai. Doe’t wy hjir kamen te wenjen, murken wy dat yn Mantgum de tsjerkeklok elke moarn om acht oere de dei begjinne liet. Oant der minsken útsliepe woene op snein en der by de tsjerke oer klagen. Sûnt bliuwt it no op snein om acht oere stil. Nee, ek fan it gekras fan roeken en ûlen hawwe wy no op sneintemoarn gjin lêst mear. Wat geane wy der op foarút! Liuwe van der Meer
18 Online Touch Home