4

4 Mandeguod ‘Man beslút oer it spoar fierder te rinnen nei’t er by fersin yn Mantgum útstapt is.’ In grappich berjochtsje op de Omrop Fryslân-app. In 31-jierrige Snitser hat sneintemiddei besocht om fia it spoar fan Mantgum nei Snits te rinnen, sa meldt de plysje fierder. De klojo… Yn stee fan op Snits Noard stapt er yn Mantgum út en rint dan mar fierder oer it spoar. Hie er hielendal net yn ‘e gaten dat er op it moaiste stasjon fan Fryslân útstapte – ús tige wurdearre “stoep in een weiland” – en dat er yn it moaiste doarp fan de Greidhoeke (fine wy) bedarre wie… It wie dy sneins ridlik waar, hy hie de buorren wol even yn kuierje kind, moaie huzen, moaie âlde beammen, twa boartersplakken, bankjes om dy op del te jaan, en de Poiesz is ek sneins sawat de hiele dei iepen. Hie er foar dy € 140 dy’t er no oan de bekeuring kwyt wie hiel wat boadskippen keapje kind! Mar foaruit, de earme man wist net better wierskynlik. No skriuw ik wol: it moaiste doarp fan de Greidhoeke – mar soms freegje ik my wol ris ôf: is it ek it meast harmonieuze doarp yn de Greidhoeke? Ik bin net al te bot op ‘e hichte mei alle roddels en achterklap hjir yn it doarp, mar geregeldwei heare je dochs ferhalen dat men inoar dwers sit, of oeral oer klaget, of mar wer earne tsjin agearret omdat men allinne oan syn of har eigen gewin of privacy tinkt. Je moatte ek in bytsje ‘leven en laten leven’, mekoar wat romte jaan, en net op alle slakken sâlt lizze miskien? You cannot have everyting… Prakkesaasjes fan de redaksje

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication