58 Mandeguod Wy ha koartlyn noch in prachtich skilderij fan Janneke krigen. Dat hinget noch net, mar dat litte wy ek graach sjen. De goudfisken steane foar gelok en it binne der fiif omdat wy ek mei syn fiven binne as húshâlding. In bysûnder kado dêr’t wy tige wiis mei binne. Neist de kast yn de keamer hingje 3 rûne objekten. Hiel dierber is it rûne skilderij, makke troch ús buorfrou Janneke Hengst. Sy hat ús eigen prunusbeam skildere dy’t yn bloei stiet en op de achtergrûn is ek noch ús hûs te sjen. De prunus bloeit altyd mar koart, mar o sa moai. Doe’t wy har atelier foarby rûnen en dit skilderij hong foar it rút wisten wy daalk: ‘dy is fan ús’. Sa kin wy der it hiele jier fan genietsje. Dêrneist hinget in rûn klokje en in keramiken boardsje, beide fan ‘Harm en Elke’. Yn de wenkeamer ha wy in bysûnder behang op de muorre. It is makke troch Snijder&Co. Echte ambachtslju dy’t in 150 jier âlde technyk fan skilderjen op behang nij libben ynblaasd hawwe. Doe’t dit in kear yn in televyzjeprogramma foarby kaam, ha wy it ûntholden en jierren letter koene wy it tapasse doe’t ús ferbouwing klear wie. Wy hawwe in drukte ferzje op de muorre (fan in hânskildere ûntwerp).
59 Online Touch Home