8 Mandeguod Mar in moanne letter waard Jantsje sels siik en se naam kontakt op mei de begraffenisferiening yn Boazum en bestelde in dûbelgrêf by de tsjerke fan Boazum. Doe’t de fraach kaam: ‘Wêrom in dûbelgrêf?’ moat se tsjin de skribent fan de begraffenisferiening sein ha dat Reinhold opgroeven wurde moast en njonken har begroeven wurde moast. Sy soe alles betelje en doe gie ek Boazum akkoart. De sykte fan Jantsje sette troch en hja stoar op 11 febrewaris 1957 yn Mantgum. Der bliuwe noch wol wat fragen oer: wist Jantsje by it ferstjerren fan Reinhold al dat sy ek siik wie of kaam dit har oer it mad? Wy sille it noait te witten komme. Doe moast, in dei foar de beïerdiging fan Jantsje yn Boazum, har man yn Mantgum opgroeven wurde. It wie op in middei yn febrewaris dat der in lykauto by it tsjerkhôf stie te wachtsjen op de kiste mei Reinhold Edmund Berduszek. Fjouwer man wiene oan it opgraven fan de kiste. Doe’t de kiste rûnom frijmakke wie fan grûn, pakten de fjouwer mannen – twa foar en twa efter – elk in hânfet en mei de spreuk ‘ien, twa, ja!’ tilden de mannen de kiste op. Tochten se. Se seagen lykwols ferbjustere om har hinne, want se hiene alle fjouwer in hânfet yn ‘e hân, mar de kiste stie noch te plak. Dòchs in spaanplaat kiste… yn stee fan ‘massyf ikenhout’… De feralterearring wie grut, hoe moast it no? Se oerleine mei elkoar en der waard in plan makke: de lykauto moast mar fuortgean, se rêden der sels mei. Earst moasten se alle fjouwer noch melke, want se wurken alle fjouwer by in boer, en dat gie foar. Se praten ôf om jûns nei melken om 7 oere wer op it tsjerkhôf te wêzen. Ien fan de mannen wurke by in boer dy’t in nije Miedema’s luchtbannewein en in swart Frysk hynder hie, in lykkleed lei wol yn de toer en ien fan de mannen hie in rôltsje kramtried meinommen om de kiste by elkoar te hâlden. De ekspedysje op it tsjerkhôf yn Mantgum gie fan in leien dakje, dat om in oere as healwei njoggenen stapten hja de Hegedyk op: trije man op ‘e bok – maat fjouwer hie in jierdeisfeestje, dat sadwaande. Om in oere as njoggen, it wie roettsjuster, stapten hja it tsjerkepaad yn Boazum op. Dêr stiene fjouwer manlju harren al op te wachtsjen. Meielkoar hellen hja it swarte kleed fan ’e kiste, de kiste waard foarsichtich oppakt en mei 7 man teplak brocht nei it dûbele grêf wêr’t Reinhold in plak fûn neist syn frou, dy’t oerdei beïerdige wie. De ierde is der noch dyselde jûn oerhinne oanbrocht. Sa is it kommen mei Reinhold en Jantsje: njonken mekoar, sa’t se it graach ha woene. Teake
9 Online Touch Home