Op 10 april 2024 waard de ALV fan Doarpsmienskip Mantgum holden. Wy – as redaksje fan Mandeguod – ha doe fan ús heare litten troch ûndersteande tekst nei foaren te bringen. Ut de redaksje wei wolle wy graach in koarte taljochting jaan oer ús wurk foar de Mandeguod. As earste in grut tankjewol foar alle frijwilligers dy’t der alle moannen wer foar soargje dat de Mandeguod by alle huzen yn en om Mantgum yn de brievebus brocht wurdt. Sûnder dit netwurk fan frijwilligers kin de Mandeguod frijwol seker net bestean. Ek de ferienings dy’t der iderkear foar soargje dat der nijs fan dy klubs yn de Mandeguod publisearre wurdt, binne wy wiis mei. Soks soarget der foar dat ek de minsken dy’t nèt lid binne fan in klub dochs weet krije fan wat der spilet yn sa’n klup. De teksten dy’t we tastjoerd krije komme sa folle mooglik ‘ongecensureerd’ yn de Mandeguod. Wol soargje wy der sa folle mooglik foar dat de teksten ‘neutraal’ en net ‘kommersjeel’ binne. Dat de Mandeguod libbet yn ús doarp docht wol bliken út it feit dat we ús krante alle moannen wer mear as ‘fol’ krije. We krije iderkear genôch kopij tastjoerd om der in moaie doarpskrante fan te meitsjen. No is it fansels net allinne mar rozengeur en maneschijn, want in pear jier lyn waard alles djoerder, werûnder ek drukkosten en it papier – foar Mandeguod in wichtige kostenpost uteraard. Mar tank sij in ferheging fan de bydrage fan Doarpsmienskip Mantgum draaie we finansjeel goed. We binne DMS dêr dan ek tige erkentlik foar. Wol moatte de advertinsjekosten alle jierren indekseard wurde, mar dat is mei alles sa. In tafaller it ôfrûne jier wie it feit dat ús fêste drukkerij in oare drukpers krige. We koene doe sûnder ekstra kosten in Mandeguod útjaan dy’t justjes grutter wie as it eardere formaat. En in justjes grutter formaat papier betsjut ek dat we krekt wat mear tekst kwyt kinne op ien side – wat soms resultearre yn in Mandeguod mei minder siden. Mei dus minder drukkosten. 4 | Mandeguod mei 2024 Prakkesaasjes fan de redaksje
5 Online Touch Home