As redaksje ha we noch wol in winsk: wat soe it moai wêze as we ús doarpsblêd yn kleur útjaan kinne! We krije nammentlik soms de prachtichste foto’s tastjoerd, mar as dy yn swart-wyt ôfdrukt wurde, bliuwt der net altyd wat moais fan oer… Fan de moaie foto’s dy’t Mantgumers bygelyks ynstjoere by harren ferhaal oer wat der by harren ‘oan de muorre hinget’, giet spitigernôch soms in hiel stik ferlern. Yn kleur soene dy foto’s fansels folle moaier ta har rjocht komme. Mar wy, as redaksje, bliuwe entûsjast, en we sette meiinoar de skouders der ûnder. Ek it feit dat we der nèt yn slagge binne om in twadde foarmjouwer te finen, ha we oplost troch in inkele kear foar de lay out in betelle krêft yn te hieren. Mei oare wurden: we sykje noch altyd in twadde foarmjouwer. En ja, der binne miskien minsken dy’t net sa folle jouwe om ús doarpskrante, mar der binne folle mear dy’t de Mandeguod tige wurdearje en de redaksje krijt dan ek geregeld in komplimintsje. Soks docht ús goed. De redaksje fan Mandeguod Eef Heinhuis - ervaren trainer Mindfulness categorie 1 MBSR - MBCL - IMP Zenmeditatie Meer weten? T 0612822712 eefheinhuis@8je.nl • www.8je.nl Dokter Fokkewei 10, Mantgum Mandeguod mei 2024 | 5
6 Online Touch Home