14

minsken dy’t allinnich rûnen. Underweis treffe je ommers genôch oaren. Alle kearen dat der in ploech troch de achterdoar fan de Wjukken ‘loslitten’ waard, spile in blaasorkestje foar harren in fleurich stikje muzyk. Tsjin tolven waard it stiller: alle rinners wienen ûnderweis, en de earsten wienen noch net werom. Mar tsjin twaën kaam de iene nei de oare wer binnen. Mei in fleurich gesicht, want it wie de hiele dei prachtich kuierwaar: net te hyt, net te kâld, sinne en net al te folle wyn. Wat wolle jo noch mear. En binnen koest lústerje nei oansteklike shantymyzyk. In soad minsken strutsen dêrom ek noch noflik even del. Koest ommers noch even in patatsje of wat oar lekkers út de frituer fiskje. 14 | Mandeguod mei 2025

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication