19

“Skot! Foar! Achter! Gean! Der boppe op! Hoppa! Ik sjoch dy! Neist dy! Nim oer! Fuotbal! Lope! Frije bal! Stip! Tomme! D’r by! Set oan! Ferdedige!” De útspraken fan it kuorbalfjild binne neat feroare, mar dochs… WWC 55 jier: tiid foar feest! Fiif jier lyn bestie ús kuorbalferiening út Mantgum, Britswert en Wiuwert 50 jier. Der wiene al plannen foar it jubileumjier, mar dy koene troch korona net trochgean. No, fiif jier letter, steane wy alwer by it 55-jierrich jubileum en dat wolle wy fansels graach fiere! Dit dogge we op sneon 18 oktober tegearre mei elkenien dy’t him ferbûn fielt mei ús klup. Leden, âld leden, net­leden, bern­fan, sponsoaren, freonen en famylje; elkenien is wolkom! De kommisje is al drok dwaande om in prachtich evenemint te organisearjen, foar jong en âld. Hâld de socials yn ‘e gaten en lit it oare minsken witte! Mear ynformaasje It programma en oare ynformaasje folget op www.kv­wwc.nl en de spesjaal hjirfoar opsetten Facebookgroep ‘(Oud­) leden korfbalvereniging WWC’. Hâld ús yn ‘e gaten! Mandeguod mei 2025 | 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication