23

En no: wat sille we de rest fan it seizoen dwaan? In hiele protte natuerlik. Sa krije jo meikoarten de flyer wer mei alle wedstriden en yn maaie stean de folgende partijen op de planning: 11 Maaie 9:30 oere in ledenpartij foar de jeugd 25 Maaie 9:30 oere (jeugd) en 13:00 (folw.) Mantgum Keatst Wietwetterklup De minsken fan de Wietwetterklup soargje der alle jierren foar dat de steigers en de oanlisplakken der wer kreas by lizze. Hjir wie Huib Storm – nij bestjoerslid fan de WietWetterKlup – drok dwaande mei it ûnkrûdfrij meitsjen fan de steigers fan de Mantgumer haven. Mar… bij nader inzien… It die bliken dat net allinne de modder ûnder de steigers fuortsakke wie de feart yn, ek de steigers sels wienen net mear goed. Doe hat de WietWetterKlup oerlis hân mei de gemeente en der is besluten dat de steigers hielendal ferfongen wurde sille. Dit sil troch de gemeente dien wurde, want de gemeente soarget foar it ûnderhâld. Mar dan – as alles klear is – kinne de boatsjes wer moai oanmeare yn Mantgum. Maaike De Groot Mandeguod mei 2025 | 23 Mochten jo mei keatse wolle, in kearke besykje of ús helpe wolle (yn it bysûnder mei de sponsoring of de social media) lit it ús dan witte. In soad hannen meitsje in soad keatsen. Út namme fan it bestjoer, Ytsje Frankena.

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication