Witte jim dat… → … jim op tongersdei 8 maaie wer de moaiste beltsjeblommen en geramiums keapje kinne? Fan 18.00 oere ôf komme de frijwilligers fan de Hoxwierstermerk by de doarren lâns om de blommen te ferkeapjen. De opbringst is foar nije gerdinen foar it toaniel yn de Wjukken. → … de moai beskildere ‘happy stones’ har wurk goed dogge? Hilda van der Meulen fûn in ‘blide stien’ yn ‘e buorren, en it jûch har in happy smile! → … der by FysioBos de gelegenheid is om in kursus ‘Valpreventie’ te folgjen? Sadree’t der genôch oanmeldingen binne wurdt der wer in kursusgroep foarme. Mandeguod mei 2025 | 57
58 Online Touch Home