58

Jitse de Graaf toch Frysk kampioen Ik waard tipt oer in Frysk kampioen dy’t yn ús doarp wennet, Jitse de Graaf (9 jier). Dus as ik op in middei mem Bettie tsjin it liif rin freegje ik har as Jitse it leuk soe fine om hjir oer te fertellen foar Mandeguod. ‘Nou, hy is net sa fan de oandacht, mar kinst it altyd probearje’. Jitse is resoluut. ‘O, jawol hjer. Ja, dat is wol leuk’. Bettie sjocht my mei grutte eagen oan. ‘Bern ferbaze je altyd wer’. As ik in oere letter oanbelje, docht Jitse de doar iepen. Hy hat spesjaal syn judopak oan dien, en de medaille leit klear op ‘e tafel. Fantastysk! Jitse docht oan judo fanôf dat hy yn groep 2 siet. Hy judoot by sportskoalle Veronique Akkermans. Hy traint yntusken twa kear yn ‘e wike. Ien kear yn Mantgum en in kear wedstrydtraining yn Wommels. Jitse kin yn judo goed syn enerzjy kwyt en hat der in protte selffertrouwen fan krigen. De gewichtklasse By judo wurde de kategoryen wêr’t je wedstriden yn dogge yndield op basis fan gewicht. Jitse sit yn de klasse oant 36 kg en hat in wyt-oranje bân. Of in oranje bân mei wite slip, ik wit net krekt hoe’t soks sit, mar hoe dan ek; binnenkoart mei hy eksamen dwaan foar de oranje bân. ‘Je moatte dan sjen litte hoe’t bepaalde worpen moatte. Mar ik ha ek wol in kear in jonge mei in oranje bân omgoaid’, seit Jitse grutsk. 58 | Mandeguod mei 2026

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication