27

juni 2021 27 ferslavings terjochte kin: sigaretten, drank, farsk sinaasappelsop en de Ljouwerter Krante… De trein is hjir ek in pluspunt foar immen sûnder auto, en as it simmers hyt is hinget er in klamboe oan it sinneskerm en transformearret syn terras ta sliepkeamer. Boppedat: der is ek wer immen dy’t him fuort wer oan Weidum tinken docht: Jant fan it Eveneminteburo lyk ûnder de apparteminten. Ate wie nammentlik jierrenlang befreone mei Jehannes de Vries, Jant har heit. Jehannes en Ate sieten beide by de Weidumer Boerekapel – Ate hat sa’n 20 jier by de Weidumer Boerekapel drumd – en as hja earne hinne moasten ried er altyd mei Jehannes mei. Tekenjend foar harren freonskip wiene de wurden fan Jehannes: “Ast my nedich hast, belje my en ik helje dy op en dan hoechst net út te lizzen werom!” Jehannes libbet net mear, mar doe’t Ate hjir kaam te wenjen sei dochter Jant fuortendaliks: “En as dyn kat siik is, dêr stiet myn auto, dan kinst fuort mei him nei de bistedokter ride!” “Jim heit hie it krekt sa sein,” tocht Ate. Soks docht jin goed! Hast dizze dokumintêre mist mar wolst him graach noch ris sjen? Dat kin online op de website fan Omrop Fryslân: Fryslân DOK: Johan Cruijff, it masterstik fan keunstner Hans Jouta

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication