Nije bewenners yn de âld skoalle De âld skoalle oan de Seerp van Galemawei (it stiet der ek mei keurige letters op: O. L. School) hat in pear moanne eefkes net bewenne west, mar no is der gelokkich wer gesellige drokte. Lytse Hugo (4 jier), grutbrocht yn it Dútsk en it Nederlânsk, song al fleurich en helderop it Fryske berneferske “Waarman Pyt, waarman Pyt, wurdt it kâld of wurdt it hyt” – in teken dat er dy tredde taal ek wol gau oan syn taalskat tafoegje sil. Mei syn suske Elin fan twa en syn heit en mem is er begjin maart neist ús kommen te wenjen, en dat freget om in ferhaal yn de Mandeguod fansels. Jort en Marleen Oving binne dus ús nije buorlju. En se bliuwe echt net op har eigen pôle sitten. Jort is in keatser en hat al in soad minsken út Mantgum en omkriten kennen leard troch mei te dwaan oan ferskate keatspartijen en Marleen sit al yn de âlderkommisje fan de pjutte-opfang. Mar wat is de reden dat Hugo Dútsk en Nederlânsk praat? Well, long story short: it hat alles te meitsjen mei Jort’s baan. Jort en Marleen komme oarspronlik allebeide út de rânestêd: Jort is yn Amsterdam op ‘e wrâld kommen en Marleen har widze stie yn Bergen aan Zee. Jort is op syn 7e yn Raerd kommen te wenjen – reden dat er in keatser en in fuotballer wurden is. Marleen is wol altyd yn Bergen aan Zee wenjen bleaun, mar har heit-en-dy hiene in simmerhúske yn Fryslân en in boat yn Heech, dat sy kin Fryslân ek al sûnt har iere jeugd. Jort is yn 2009 yn Utrecht begongen oan de stúdzje bedriuwsekonomy, mar hy reizge alle wykeinen werom om yn Snits te fuotbaljen. “Tongersdeitejûns al faak Mandeguod juni 2026 | 23
24 Online Touch Home