rjochting Fryslân en moandeitemoarns wer op ‘e trein nei Utrecht – dan bliuwt der net folle tiid oer foar de stúdzje. Dy stúdzje yn Utrecht waard dan ek gjin súkses,” fertelt Jort. Dat hy is it jier dêrnei oerstapt nei Grins om bedriuwsekonomy te studearjen. Dat slagge better, en úteinlik hat er syn master yn Rotterdam helle. Marleen studearre Facility Management yn Den Haach en hat dêrnei de Master Bedrijfskunde yn Amsterdam ôfrûne. Yn 2012 learden Marleen en Jort inoar op Flylân kennen, en it klikte fuort tusken harren beiden. “Ik was nog maar 19 toen we vrij gauw gingen samenwonen in Den Haag”, fertelt Marleen. Se hiene wol mei inoar ôfpraat dat se alle beide in healjier nei it bûtenlân woene. Jort hat doe in healjier yn Nicaragua taholden. “Net altyd like feilich dêr”, jout Jort ta. “Ik soarge altyd dat ik wat yn ‘e bûsen hie sadat ik sûnder problemen wat jaan koe as ik oerfallen wurde soe.” In skoftke letter, yn 2017, hat Marleen har healjier bûtenlân yn Oslo trochbrocht foar har stúdzje. Beide hiene se lykwols de smaak te pakken en se namen it beslút om ek in kear tegearre nei it bûtenlân te gean. Dy kâns kaam in jier wat letter. Jort folge nammentlik yn dy tiid in traineeship finance mar doe’t er by in grut bedriuw (sa’n 40.000 minsken) út Liechtenstein as ferkeaper fan masines oan en foar boubedriuwen begjinne koe, binne se yn 2019 fan Den Haach nei Breukelen ferhuze. It is in grut bedriuw dat oeral oer de wrâld saken docht, dat dêr wie ek oeral yn de wrâld wol wurk foar te dwaan. Mar ja, doe kaam koroana, doe kaam Hugo, se binne troud, Jort hat noch 2½ jier Nyenrode-stúdzje dien, en eins hie lytse Elin har ek al oankondige, doe’t Jort yn 2023 in baan foar dat bedriuw yn Liechtenstein krije koe. Se kamen yn Eastenryk te wenjen, deun by de grins nei Liechtenstein. Se wóéne ek graach in hûs mei romte foar bern en útfanhûzers. “We hebben daar heel fijn gewoond, en vrienden en familie konden komen logeren. Dat heeft ook zijn leuke kanten, dan leer je hen ook heel anders kennen, als vrienden een hele week komen. Dan heb je toch vaak diepgaandere gesprekken dan wanneer ze enkel een paar uurtjes voor de koffie komen”, seit Marleen.Ek no ha se in útfanhûzerskeamer foar harren freonen en famylje. Dy binne altyd wolkom. Wylst Jort syn wurk krekt oer de grins yn Liechtenstein hie, wurke Marleen thús. Se wie firtueel assistint foar ûndernimmers, se makke websites, en die de projektplanning. No wurket Marleen 24 | Mandeguod juni 2026
25 Online Touch Home