48

Ik waard frijwilliger by Vluchtelingenwerk In jier of wat lyn kaam ik mysels even goed tsjin. Ik gie neitinken wêr’t ik eins echt bliid fan waard. Oare minsken helpe wie it antwurd. Lang ferhaal koart: ik waard frijwilliger by Vluchtelingenwerk. Dizze organisaasje hat fan de gemeente de taak krigen om flechtlingen in jier lang te begelieden fan it moment ôf dat se te hearen krije dat se hjir bliuwe meie. Se wurde fan flechtlingen dan statushâlders (krekt of ha se troch it wurd ‘status’ in oare behanneling nedich as ús). ‘statushâlder klinkt krekt as ha se troch it wurd ‘status’ in oare behanneling nedich as ús’ Myn Syryske gesin In Syrysk gesin mei 4 bern (fan 3 oant 17 jier) waard oan my tabetroud. It gesin is flechten út Syrië en doe earst yn Turkije bleaun. Dat grinzet oan Syrië en dêr wurde de measte Syriërs opfongen sûnt yn it lân yn 2012 oarloch útbruts. Mar yn Turkije waarden se útkotst, sa fertelden de bern. Heit hie fia fia heard dat it yn Nederlân better wêze soe en dus gie hy foarút. Op it sjoernaal wiene destiids faak bylden fan mannen dy’t mei in rubberboatsje ergens in gefaarlik wetter oer moasten om fierder te kommen. De heit wie dêr ien fan en hat it rêden. Net op syk nei jild, froulju of gelok, mar gewoan nei in dak boppe de holle en in feilige takomst. It gesin krige in hierwenning tawiisd, in minima-útkearing en in liening fan in pear tûzen euro om bêden, in koelkast, waskmasine en oare spullen fan te keapjen. 48 | Mandeguod juni 2026 Dat moat dus werom betelle wurde en sels as je spullen by de kringloop keapje is it gjin fetpot. Nederlân is yngewikkeld En tsja, dan wenje je yn in hûs yn in doarp wêr’t je net ien kinne, wêr’t je allinnich komme kinne mei de bus en je gjin idee ha hoe no fierder. Doe kaam ik dus om de hoeke sjen. Ik hie destiids alle tiid en dat wie mar goed ek, want dy minsken ha echt gjin flau idee hoe’t je saken regelje. Net allinnich komt dat troch de taal, se praten allinnich Arabysk, mar ek omdat Nederlân behoarlik ingewikkeld is. Lis mar ris út hoe’t ús soarchsysteem wurket, dat je de container oan de dyk

49 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication