27

juli/augustus 2021 27 pake en beppe yn Skearnegoutum op iisbesite wie gjin medalje, mar dy wiene like moai, sa net it moaist. We waarden folstoppe mei tee en cake en dan wer werom nei Mantgum. Ek ha’k oan de nedige kuiertochten meidien, sa as de Greidhoeketocht en de Himdyktocht en 4 kear de Alvestêdetocht. se net allegear yn ‘e boekekasten yn ‘e wenkeamer stean, dat de rest stiet boppe. As echte Tina Turner-fan kinne de boeken oer har fansels net ûntbrekke! Ek ha ik in hiel soad cd’s en in pear dvd’s fan har en fan Ike en Tina Turner. Ik ha ek nei in pear konserten west. Dêr ha’k de kaartsjes fan bewarre. Dan noch in diel fan wat sportive prestaasjes op ‘e foto. Foarhinne, doe’t der alle winters iis lei…. wiene der in soad reedriderstochten, sa as ûnder oare, de 8 fan Jorwert, de Lytse en Grutte Baerderadieltocht, de Hennaerderadieltocht. Dizze tochten ha ik in oantal kearen riden. Myn fierste tocht wie de Alvemarrentocht fan 1997 (115 km). Foar de tochtsjes oer de Mantgumer feart en de Swette nei As lêste, fytse: de âlvestêdetocht. Dy soe ik ien kear fytse, mar yntusken ha’k him sa’n 14 kear fytst… Dat kaam sa: in kollega, Minke, frege oft ik de âlvestêdetocht wol ris fytst hie, want dat moast eins wol as Fries! (Se hie him sels al in pear kear fytst.) No bêst, regelje de kaarten mar! Op pinkstermoandei ha wy fytst. It wie in moaie dei, mei hjir en dêr in pitsstop. Oan ’e ein fan ’e dei seine we: “It wie geselllich, it kin wol wer!” En sa is it in tradysje wurden dat wy Pinkstermoandei altyd “efkes” in rûntsje Fryslân dogge. It stokje jou ik troch oan Geart en Jantsje, myn efterbuorlju dy’t yn it âlde plysjeburo wenje. Groetnis fan Grietje Kirkenier Seerp van Galemawei

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication