49

Juli/Augustus 2023 49 De tunen fan Tjerkje en Annette Ast efkes stean bliuwst op de hoeke by de Seerp van Galemawei nûmer 15 sjochst hast altyd wol ien of mear reidhintsjes swimmend yn it wetter fan de brede feart of dravend troch de tún. Altyd like skou, mar se binne der alle jierren, it hiele jier troch. De reidhintsjes fiele har dêr gewoan thús. Op dit stuit ha se 7 jonge piken, mar moatst goed sjen om se te spotten. En ast dêr dochs by de feart stil stiest, dan sjochst automatysk nei de prachtige tún dy’t om it hûs en it prieeltsje leit. Ja, kloppet, in Vlaskamp-tún, noch sa’t er heart te wêzen: mei de slingerpaadsjes, it prieeltsje, de blomperken, de grutte beammen en de struken. En net allinne it hûs sels is in ryksmonumint, ek dizze tún is in ryksmonumint. Omdat de tún noch yn de orizjinele steat is sa’t er krap 150 jier lyn oanlein is. De tún sjocht der altyd prachtich út – mar fansels in heidens kerwei om te ûnderhâlden. It is ek net allinne de foarkant fan it hûs, ek oan de achterkant leit noch in hiele grutte tún. Mei romte foar in keppeltsje skiep en in griente- en fruitbeammetún. Tjerkje Postma is de bewenster fan it hûs en sy besteget altyd in soad tiid oan it ûnderhâld fan dizze tún. Mar ferline jier ferlear se har Jan Willem, en doe stie se der hielendal allinnich foar om alles te ûnderhâlden. It fleach har oan. It wie net te dwaan om alles kreas by te hâlden. Aldergelokst kaam der ûnferwachts help: in pear huzen fierderop wennet Annette van Zadelhoff, op nûmer 23, en ek sy is in entûsjast túnker. Fan de dyk ôf is har tún wat ferskûle achter de hage, mar dat is noch mar in lytse foarboade fan wat der oan de achterkant fan harren hûs oan blommetún leit. Mei in stikje wetter mei ielstikel (krabbescheer) dêr’t de griene glêzemakker, in libelle, ôfhinklik fan is, fruitbeammen, in see fan potten mei blomsied en jonge plantsjes en in pracht útsicht op Skillaerd. Sa ha de beide froulju de tún fan Tjerkje tegearre fiks oanpakt, en dat wie gjin sinekuere. De grientetún leit der no fantastysk by mei allerhande grienten en krûden, der is in beibeammehok dat hielendal mei gaasnetten omklaaid is, in kas foar it prekêre spul en ek – soms hiel âlde – fruitbeammen. Om de skiep en de lammen út de grientetún te hâlden is der in brede ‘muorrewâl’ boud fan stevich gaas oan de bûtenkant en alle tûke-ôffal oan de binnenkant. Boppedat: sa’n wâl hâldt focht fêst en is ek in prima plak foar ynsekteguod. Annette en Tjerkje túnkje miljeufreonlik: se brûke uteraard gjin gif

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication