53

Juli/Augustus 2023 53 Klean rûnbringe yn Hongarije Nei goed oardeljier hawwe wy wer in rit mei klean nei Hongarije makke. Fanwegen ús ferhuzing ôfrûne simmer hat it wat langer duorre. Dat kaam ek wol aardich út omdat it oanbod oan klean nei it útbrekken fan de oarloch yn de Oekraïne wat weromrûn. Dochs koene wy no 550 doazen fuortjaan. Tank oan elkenien dy’t klean brocht hat. In spesjaal wurd fan tank foar de inboedelbank yn Boalsert dêr’t wy klean en babyguod ophelje mochten. Fierder binne wy ek tige wiis mei de froulju út Hurdegaryp, Ljouwert, Skearnegoutum en omkriten dy’t sokke moaie spreien, truien, sokjes ensfh. foar de minsken yn Hongarije breide hawwe. Yn dy oardeljier hawwe der ferskate minsken holpen mei it sortearjen en freed 21 april hawwe in stel manlju de frachtauto ynladen. Wat moai dat elkenien altyd ree stiet om mei te helpen! De sneons is de frachtauto ôfsetten en wysels binne woansdei 26 april mei in karre dy kant opgongen. Mei karre giet it wat minder hurd en we besykje der altyd ek in moaie reis fan te meitsjen, dêrom hawwe we oernachte yn Berg bei Neumarkt (Dútslân) en Bruck an der Leitha (Eastenryk). Freedtemiddeis kamen we oan by it hûske dat we hierd hiene. Yn Mariapócs dizze kear, sa’n 3 km fan Kisléta dêr’t de doazen altyd brocht wurde. It hûs dêr’t we oars altyd oernachten yn Kisléta tsjinnet no as opfanglokaasje foar flechtlingen. Omdat freeds elkenien betiid nei hûs is, gau de kaai ophelle by it tehûs sadat we sneon sortearje kinne en in planning meitsje kinne. Snein en moandei hiene we even frij, moandei wie it 1 maaie en dat is yn Hongarije in frije dei. Tiisdei 2 maaie kinne we dan los mei it rûnbringen. Der steane fuortendaliks trije adressen op it programma. Yn Tiborszálas falle we fuort mei ús noas yn de bûter, of better sein de taart. Der wurdt in feestje fierd omdat immen mei pensjoen giet. Wy bringe hjir 59 doazen foar âlderen en in pear breiden spreien. Dêrnei troch nei Mérk dêr’t we 59 doazen foar âlderen bringe. Yn dit tehûs wennet sûnt in healjier ek in tal flechtlingen út de Oekraïne. Ut de gesprekken docht bliken dat se hjir fansels neat fan Poetin hawwe moatte, mar ek net fan Zelensky. Yn de Oekraïne wenje ûngefear 1 miljoen Hongaren dy’t dêr diskriminearre wurde en dat spilet wol in rol yn de byldfoarming. Tusken de middei ite we wat yn ús hûske en nimme we even rêst om dêrnei nei Nabrád te riden. Hjir bringe we yn totaal 68 doazen foar alle leeftiden →

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication