35

Fleur(ich) oer it poadium dûnsjend Se dûnset twa jier, en no al hat se mei har dûnsgroepke de twadde priis Europeesk Kampioenskip dûnsjen wûn! Fleur Koopman is bêst grutsk op har medalje, dy’t se oan in prachtich blau lint om ‘e nekke hingjen hat. “Zilver,” leit se út. “De eerste prijs was goud en de derde brons. Nou ja… het is niet echt zilver hè.” Mar dat hinderet neat, se mei bêst grutsk wêze op har medalje. Wat foar dûnsgroep sit se dan yn, woe ik witte. In filmke op de mobyl fan Fleur’s mem bringt wat mear ljocht op de dûnsgroep: it is in groep fan 19 famkes dy’t in show dûnsje: alles giet tagelyk en yn floeiende bewegings. En mei de muzyk en de toanielljochten der by liket it prachtich! Alles ûnder de flagge fan ‘Dansen in Friesland’ oftewol: DIF. Hoe kaam se der by om yn in dûnsgroep te dûnsjen? “Wel, een paar meisjes uit m’n klas deden dat, alleen die anderen stopten met dansen. Toen wilde ik eigenlijk ook wel ophouden, maar ik heb toch doorgezet,” fertelt Fleur. En no stekt se der bêst in soad tiid yn: tiisdeis dûnset se twa oeren yn Akkrum en freeds is se oardel oere yn Grou oan it oefenjen. Se oefenje fan septimber oant en mei desimber. Yn dizze earste perioade leare se de nije choreografy oan, sadat se fan jannewaris ôf meidwaan kinne oan de wedstriden. → Mandeguod juli/augustus 2025 | 35

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication