12

12 Mandeguod kunnen’ tot ‘het gaat nog echt gebeuren ook.’“ De oare finalist is Goiïngea, mei Iris Oosterbaan, Andrea Kroes en Moniek Lootsma, in omkesizzer fan âldHaadklasser Sibbele Lootsma. Se hat in prachtige opslach, mei gong. De omstannichheden binne ideaal, de stekkende sinne is fuort. De oerwinning fan Mantgum komt net in momint yn gefaar. Goaiïngea komt yn ‘t earste earst mei 6­2 foar, mar se pakke evensagoed it buordsje net. In earste mentale tikje? Is Goaiïngea wat útblust? Mantgum nimt in 3­0 foarsprong. Op 3­1 en 6­6 mei in dikke keats hawwe ús froulju twa spul binnen it berik, mar Goaiïngea slacht noch ien kear werom: 3­2. Mar dan jouwe Amarins en Jennie wer gas. Jennie raamt ien op it kafee en dêrnei slacht se opnij mei Amarins de partij út. Grutte mannen Oebele en Sjirk sjogge op de boppe de ballen nei. Op 5­2 en 6­4 falt de lêste slach. Dan skriuwe Amarins, Jennie en Bregt Mantgumer skiednis. Mei flagge en wimpel. Freondinnen en famylje fleane nei de fammen. Der knalt in koark fan in sjampanjeflesse.

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication