23

september 2021 23 Stypje it plan We ha al ferskillende kearen de fraach hân: kinne we ek donearje foar Plan Boppeslach? Fansels kin dat! De wurkgroep Doarpenaksjes komt de kommende moannen mei ludike “jildophel­aksjes” dêr’t we de Mantgumers freegje om foaral mei te dwaan. Alle donaasjes, lyts en grut, binne mear as wolkom. Mar jo kinne ek it plan stypje troch jo oan te melden as frijwilliger. Foar elk oere dat in frijwillger stekt yn de realisaasje fan Plan Boppeslach (bygelyks helpe by timmerjen, snoeien, oanlis natuurspeeltún, naaien fan kessens, siede fan sop foar frijwilligers, ensfh.) krije we jild foar it Plan. Frijwilligers binne dan ek “goud” wurdich foar Plan Boppeslach. Mear ynformaasje Binne jo noch net alhiel op ’e hichte fan Plan Boppeslach? Op www.mantgum. com fine jo by nijs it projektplan. Ek ha we in eigen facebookside @planboppeslach. En fansels ynformearret it projektteam jo ek mei in soad wille. Foar fragen kinne jo ek maile nei boppeslach@wjukken.nl Groetnis! Projektteam Plan Boppeslach Korrie Dijkstra – Baukje Stienstra – Jelmer Jonker – Karin van Beest – Jant van Dijk Eef Heinhuis - ervaren trainer Mindfulness categorie 1 MBSR - MBCL - IMP Zenmeditatie Meer weten? Telefoon: 0612822712 eefheinhuis@8je.nl - www.8je.nl Dokter Fokkewei 10/12, Mantgum

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication