3

september 2021 3 Fan bagger nei better is in boppeslach 1 + 1 = 3 wurdt der wolris sein. Mei de betsjutting dat je meiïnoar mear kinne as mei syn twaën. No is der yn Mantgum in groep ynwenners dy’t it presteard hat om 1 + 1 útkomme te litten op 162.500. Euro’s om presys te wêzen. Ik ha it hjir oer Plan Boppeslach. Oan it begjin fan de simmerfakânsje koene wy as ynwenners allegear nei it sportfjild komme om te hearren wat it goeie nijs wie dat op in mysterieus briefke stie dat elkenien in dei earder yn de bus krigen hie. Op dy sneontemiddei makke de wurkgroep bekend wat sy no krekt fan doel binne en hoefolle jild der oant no ta binnen is. De meter bleaun hingjen op it bedrach fan mar leafst 162.500 euro! Al mear as de helte fan wat der nedich is, en dat binnen in pear moanne. It applaus wie fertsjinne. Neist dat it in geweldich plan is, is it ek geweldich dat soks ‘gewoan’ frijwillich dien wurdt. Gewoan omdat dizze groep wat foar it doarp dwaan wol, om ús wenomjouwing moaier te meitsjen. Gewoan omdat it hiel leuk en gesellich is om mei oare entûsjastelingen oan in plan te wurkjen. Niks gjin eigen belang, polityk gewin of finansjeel belang. Ik sjoch dit yn it westen noch net sa gau gebeuren. Litte we as Mantgumers mei elkoar de skouders ûnder dit plan sette en ús massaal opjaan as frijwilliger. Want dy binne der nedich. Sa litte we sjen dat 1 + 1 noch folle mear wurde kin as 3 of 162.500. Mar der bart noch folle mear yn ús doarp. Sa hat der begjin augustus in ‘Kleintje Kermis’ west, wie der in ‘Boppeslachdei’ op 21 augustus, fertelt Wiebe Talsma oer syn fytsfakânsje, skriuwt Johan Vogelzang oer in lytse poppe mei in klompfuotsje en folle net genôch! Maaike Kuipers Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication