61

september 2021 61 Plan Boppeslach, in wiere boppeslach foar ús doarp! Troch Wytske Vermeulen-Anema It is begjin july as der in briefke by alle bewenners fan Mantgum troch de doar skood wurdt. It is in útnûging foar alle doarpsgenoaten, om op 10 july nei it sportfjild te kommen, want der is moai nijs dat de inisjatyfnimmers fan plan Boppeslach graach diele wolle mei it hiele doarp. wêryn bewege, moetsje en mienskip foarop stean. Under oare in kabelbaan, in fytscrossbaan foar bern, in ferhurde kuierpaad, bankjes en in oanlissteiger binne ferwurke yn de plannen. Dêrneist komt der in beweechtún en sil ek it terras efter de Wjukken oanpakt en útwreide wurde rjochting it sportfjild. Dit wie in winsk út alle sportferienings yn it doarp wei: bettere oansluting tusken sporters en taskôgers. Dit alles kin fansels net fergees realisearre wurde, hjir is in soad jild foar nedich. De ferwachting is sa’n 300.000 euro. En lit dat jild no krekt de oanlieding wêze om elts út te nûgjen dizze dei, want der is prachtich nijs. De Europese subsydzje Leader­POP3+ is tawiisd oan plan Boppeslach, wat betsjut dat de helte fan it bedrach dat nedich is al binnen is! Wat in moaie opstekker om út de startblokken te gean mei plan Boppeslach. Wat klinkt der op dizze simmerse dei in enthousiasme fan alle kanten! Mantgumers binne bliid mei de plannen en miskien noch wol blider mei de minsken út ús doarp dy’t harren hjir sa foar ynsette. Want it is net samar wat, wat ús hjir yn Mantgum te wachtsjen →

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication