67

september 2021 67 út Easterwierrum en spilet dêr Es bas. Fan út dy hobby hat Geert twa kear meidien oan it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 2001 makke hy ûnderdiel út fan ‘e brassband yn Utblaasd en yn 2000 spile hy op in soesafoan yn de karnavalsband fan it iepenloftspul ‘Venetiaans Karnaval’. As oantinken oan Venetiaans Karnaval hinget d’r in akwarel oan de muorre, makke troch keunstneresse Hanneke Roelofsen. It wie twa kear in geweldige ûnderfining om as muzikant mei te dwaan oan it iepenloftspul fan Jorwert. binne beide doopt op folwoeksen leeftiid (sa as dat by de Menisten wênst is) en ik wurkje as pastoraal wurker by de Meniste gemeente Hearrefean­Tsjalbert en de Meniste Gemeente Mid­Fryslân. Ik bin mei it Menist wêzen grut wurden en it nimt in wichtich plak yn myn libben yn. Neist it board hinget in spekulaasplanke fan de pake fan Geert dy’t bakker yn Wolvegea wie. It board mei de Meniste spreuk ‘Dope hwa’t mûnich is, sprekken dat bûnich is, yn it kristlik leauwen frij, in died stribbet wurden foarby’ hinget twa kear, yn it Frysk en yn it Nederlânsk, by ús yn’e wenkeamer en dy reizgje al ferskate jierren mei ús mei. Geert en ik Dit is in lytse greep út wat d’r op Swannedrift 1 oan de muorre hinget. Wy wenje dêr hast 4 jier en it foldocht ús tige by tige en hoopje noch lang genietsje te meien fan it hearlike hûs en it plak. Binne jim ben benijd wat d’r by Hette en Gryt van der Wal oan’e muorre hinget? Dat kinne jim lêze yn de kommende Mandeguod. Groetnis fan Geert en Jantsje

68 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication