69

september 2021 69 Witte jim dat… → … der sinnepanielen pleatst binne op it materialehokje op it sportfjild? It is ien fan de punten fan it projekt ‘Verduurzamen Sportpark Mantgum’. → … de ielstikel (krabbescheer) it goed docht yn de Mantgumer feart? By de trailerhelling, de brêge en op ferskate oare plakken koest dizze snilen fan’t simmer fine. Unkrûd, fûnen sommige minsken lykwols en hja hellen it út it wetter. Spitich, want dizze plant is te’n earsten faak in teken dat it wetter skjin is, en twads: it is de iennichste habitat foar de griene glêsmakker (groene glazenmaker), in seldsume libel. No is it wol sa dat der sa’n 70 ferskillende soarten libellen yn Nederlân binne, mar dochs: der kin net ien soarte mist wurde… → … der yn de tún fan Popko Schram (It Bosk 3) in keninginnepaazje (koninginnepage) delstruts? In prachtige flinter, dy’t wol in plaatsje wurdich is.

70 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication