41

Makkum prolongearret titel Makkum is de winner wurden fan de Jong Famme Partij 2024. Mei mar ien earst tsjin yn fjouwer wedstriden wiene Larissa Smink, Anouk Smink en Gerde Lycklama à Nijeholt oppermachtich. Sy namen foar it twadde jier op rige de krânsen mei út Mantgum. Nei in wiete 20e edysje ferline jier wienen de foarsizzings foar de 21e Jong Famme Partij ek net al te bêst. Mar it foel wat ta mei it ûnwaar en de froulju trochstienen it reinwetter dat moarns dochs wol aardich foel, en de hurde wyn sûnder te kleien. Mei 15 partoer op ‘e list in ridlik oantal keatsers op it fjild. Yn it foar wienen Dronryp, Easterein, Grins en Makkum oan te wizen as de favoriten. It partoer fan Makkum dat ferline jier wûn mocht it dit jier noch in kear besykje mei deselde nammen op papier. De ferrassing fan de earste omloop wie it partoer fan Lollum-Waaksens mei trije keatsters dy’t noch yn de famkeskategory útkomme. Sy lieten it sterke partoer fan Easterein sjen wêr’t se ta yn steat binne. Easterein kaam yn dy partij tsjin Lollum noch wol efkes werom yn ‘e wedstriid doe’t se op 4-1 en 6-6 der 4-2 fan makken, mar dêrnei wie it ferset fan de Eastereiners brutsen en op 5-3 6-2 wie it Lollum dy’t de partij útmakke. Foto: Jelmer Jonker → Mandeguod september 2024 | 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication