42

Fierder wienen der yn de earste omloop in soad partijen dy’t fluch foarby wienen en dan sjochst dat it kwaliteitsferskil tusken de ferskillende keatsdoarpen en stêden dochs wol oansjenlik is. Alle útslaggen fan de earste omloop: Eksmoarre Winsum 2-5 4-6 Tsjom Dronryp I Easterein Dronryp II 5-3 6-2 St Anne Lollum Nijewier Mantgum Boalsert Grins 5-1 6-4 3-5 2-6 Makkum Menaam 5-0 6-4 Stiens 1-5 6-6 1-5 4-6 Steand nûmer Yn ‘e twadde omloop moasten Grins en Winsum tsjin elkoar. It wie in clash tusken de twa suskes Postma. Mei Romy dy’t foar Grins keatste en Monique dy’t foar Winsum keatste. Grins makke de favoriterol yn dizze omloop wier troch in saaklike oerwinning te beheljen tsjin it twatal fan Winsum. Ien fan de spannendste partijen fan dy twadde omloop wie de wedstriid tusken Dronryp en Tsjom. De keatsters fan Dronryp hienen it dreech tsjin it deeglik keatsende partoer fan Tsjom. Se kamen mei 3-1 foar, mar dêrnei wie it Tsjom dat brutaal de lieding naam en sels mei 5-4 en skjinne 6 foarkaam. Dronryp kaam werom op 5-5 nei in foarslach fan Tsjom op 5-4 6-6. Ek yn it lêste earst like it derop dat Tsjom de partij nei harren talûke koe, mar wer wienen it de Rypsters dy’t weromkamen nei in 6-2 efterstân en op 5-5 6-6 wie it in goede opslachbal fan Iris 42 | Mandeguod september 2024 De lêste partij fan de twadde omloop wie dy tusken Boalsert en NijewierMitselwier. It partoer fan Boalsert hie it aardich dreech mei it dapper stridende partoer fan Nijewier. Boalsert like op 5-3 en 6-2 maklik nei de heale finale troch te streamjen, mar Nijewier kaam knap werom oant 5 earsten gelyk en naam sels de foarsprong yn it lêste earst. Troch ûnder oaren twa bûtenslaggen fan Boalstert waard it 6-4. Nei in sterke opslachbal wie it Nijewier dy’t de oerwinning tocht te pakken, mar in bal dy’t sitbal like te wurden, stuite noch en koe troch Boalserters dochs noch foarby de keats slein wurde en dêrmei kaam de telegraaf hielendal fol te hingjen. Doe wie it Boalsert dy’t dochs de winst pakte nei in werklik fantastyske opslachbal dy’t krekt foar de kwealine telâne kaam. Hielendal knap ast dy der efkes by yntinkst dat it wynkrêft 6 wie. Veltman dy’t der foar soarge dat Tsjom werom nei Tsjom koe. Makkum dy’t yn de earste omloop maklik fan Menaam wûn, moast yn ‘e twadde omloop tsjin it famkespartoer fan LollumWaaksens. Makkum begûn mei fjouwer boppeslaggen en hold de goede foarm fêst oant de ein en wûn mei in skjinne telegraaf. Lollum hat wol in partoer om yn ‘e takomst rekken mei te hâlden, se wûnen net foar neat de Ald Meijers partij yn Hitzum yn 2023.

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication