44

Wat hinget der oan ‘e muorre by Doete Stenekes? Wat leuk dat ik in ynsjoch jaan mei yn ús “thús”. Myn namme is Doete Stenekes en tegearre mei myn dochter Twirre wenje ik al 2,5 jier mei wille yn Mantgum. By it ynrjochtsjen fan ús nije thús bin ik alderearst begûn mei fotobehang. Dêrnei kaam de rest. Ik hie it idee dat der in moaie plaat by de itenstafel hingje moast en kaam eins binnen 5 minuten by dizze prachtige foto telâne. Doe’t it behang binnen wie hawwe wy der in kleur muorreferve by socht dy’t it behang noch kleurriker makket. En noch altyd bin ik alle dagen bliid mei dizze kar. In echte “eyecatcher” ast binnenkomst. In sinne-opgong efter in blommetûke. Hiel waarm en fleurich. Altyd it sintsje yn ‘e hûs Omdat dit hiel flakfoljend is, binne de oare muorren eins leech / rêstich. Utsein de blaugriene kleur dan. Myn hûs is fierder in samling fan guod, dus saai is it alderminst. De keamersdoar is fansels it museum fan de kreaasjes fan Twirre. Se tekenet graach. In soad unicorns, blommen en bisten op it stuit. Past dus goed by de rest fan it hûs. Yn ‘e keuken hinget in beam makke fan stieltried. Dy beam sjochst net mear troch alle oantinkens dy’t der yn hingje. Ik bewarje graach lytse geloksmominten. Der hingje foto’s yn, kaarten (echte kaarten krije bliuwt hiel aardich), spreuken, festivalbantsjes of treinkaartsjes fan memorabele mominten. Op myn waskmasine en drûger hingje magneetplaten fan stikken weryn ik meispile ha yn ILS Jorwert. 44 | Mandeguod september 2025

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication