23

oktober 2021 23 Seis skriuwers Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman krigen alle seis de opdracht om in sêne te skriuwen. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Colthof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten ta it úteinlike skript. Vader en zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte. De foarstelling is foar in grut part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk. Joop en Mads Wittermans Vader en zoon is in koproduksje fan Tryater en Theater Producties Wittermans. Joop Wittermans spile yn tv-searjes as GTST, Vrouwenvleugel en Fort Alpha. Dêrneist is er bekend fan tal fan teaterrollen. By Tryater wie er ûnder mear te sjen yn Karlsson fan it dak en Trouwerijen en rjochtsaken ensf. Mads Wittermans wie fan jongs ôf te sjen yn ferskate teater-, film-, en tv-produksjes. Sa spile er û.o. yn Van God Los, Penoza en Scheepsjongens van Bontekoe. By Tryater spile er ûnder mear yn Raze om Protters. Tsjinwurdich makket en produsearret er by Theater Producties Wittermans syn eigen foarstellingen. Maatregels Foar de foarstellingen wurdt rekken hâlden mei de maateregels fan it RIVM. Tekst Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman Spul Joop Wittermans, Mads Wittermans Regy Liesbeth Coltof Dramaturgy Jan Veldman Foarmjouwing Guus van Geffen Kostúms Mathilde van der Hoop

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication