26

26 Mandeguod ris besykje. Sa komme wy no ien kear wyks byelkoar en spylje en sjonge wat. Jaap hat yntusken in nije gitaar en ek al in elektryskenien. It smakket nei mear! Dêrom ferdjipje wy ús yn allerhande moaie nûmers werûnder ek country. Sa sjogge je mar wer hoe’t de dingen soms rinne kinne. In plaatsje dêr’t je blier fan wurde Ek hinget der in moai plaatsje oan de muorre mei in famke en in jonkje dy’t oan it sjongen en spyljen binne. It is it kaftwurk fan in akkordeonmuzykboek. It jonkje bespilet de trekzak en it famke hâldt in muzykblêd yn har hân. In plaatsje dêr’t je blier fan wurde. Want is it net sa dat muzyk it bêste medisyn is dat der bestiet? Gryt spilet gauris yn ferpleechhuzen en sjocht tagelyk ek dat minsken hielendal begjinne op te libjen. Hoe moai is dat! Sy begeliedt ek it shantykoar “Sterk Spul” út Lollum. Fansels wurdt in jierdeifeest of jubileum ek net oerslein. Sa set sy ek moaie nûmers oer op muzyk. Faak is de muzyk allinne mar op noaten te finen en makket sy it geskikt foar trekzak. Komt der in moai nûmer oan har foarby, dan wurdt dat al gau op papier set, sadat sy nei wat repetearjen dat dan ek wer hearre litte kin. In pracht hobby! “Met muziek door het leven” dat is ús motto en dat wolle wy noch graach wat jierren folhâlde. Foar it oktobernûmer jouwe wy de pinne oan ús buorlju Piet en Micora de Jong. Wy binne benijd hokker nijsgjirrichs dêr oan de muorre hinget. Hette en Gryt van der Wal-Hylkema

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication