3

oktober 2021 3 Hoor en wederhoor. Mei inoar yn petear. Elkoars ideeën besjen, hifkje, wurdearje of miskien minder wurdearje. In oar wat gunne. It libben is faak in kwestje fan give and take – geven en nemen. As der plannen opset wurde yn in mienskip kinne je der foar wêze, of je kinne der minder gelokkich mei wêze, kinst oare mooglikheden yntsjinje by de plannemakker, of kinst dyn beswieren uterje sadat de plannemakkers rekken hâlde kinne mei dyn beswieren. Soms sil dat mooglik wêze, soms sil soks minder goed yn te passen wêze. Mar om al dy plannen de foet dwers te setten, om radikaal tsjin plannen te wêzen en om de plannen eins de grûn yn te boarjen – wurdt dêr no immen better fan? It tryste resultaat fan de negative reaksjes op de nije inisjativen, plannen en ideeën is de lêste wiken spitigernôch op in tige ferfelende manier nei boppen kommen. Mei as gefolch dat minsken inoar mei in skeef each oansjogge omdat se inoar fertinke… In doarp as Mantgum is al iuwen oan it groeien, feroarjen, oanpassen en modernisearjen - ast dat no moai fynst of net. Mar sa’t in part fan de ynwenners fan Mantgum sa’n hûndert jier lyn wenne, sa wolle je no net mear wenje. It húske boppe de feart foar in stik of 5 húshâldingen tagelyk, in keatsfjildsje dêr’t de skieppestront earst opfandele wurde moast foardat je los koene – nimmen dy’t dêr nei werom ferlanget. Ja, kloppet, we ha no mear romte en mear earmslach nedich èn krigen as yn dy tiid, sawol foar it wenjen as foar de sport en de ferdivedaasje. De befolking is yn dy tiid ek mear as ferdûbele. Dat hat lykwols ek tal fan foardielen mei him meibrocht: in skoalle, in winkel, in protte sportferienings, in doarpshûs, in boartersplak, in tsjerkemienskip, in treinstasjon, in skatebaan, in kafee, ferskate bedriuwen, in iisbaan, you name it, en it is der. Soks moatte we ek koesterje, net elk doarp hat safolle foarsjennings. En sûnder foarsjennings en sûnder ‘reuring’ lìbbet in doarp gewoan minder. Dêrom: gun inoar wat – ek al binne je der net altyd like gelokkich mei – mar dan gunt dy oare dy faaks ek wer wat yn de takomst. Kinst de wrâld – yn dit gefal ús doarp – dochs net presys sa ha sa astó it ha wolst… Lys Scarse Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication