46

46 Mandeguod Lytse PC 2021 Foto: Jelmer Jonker. Tekst: Jan Heida Snein 12 septimber 2021, de dei fan de Lytse PC. Ferline jier frije formaasje, dit jier troch inoar lotsjen. De opjefte is lyts mei acht partoer op de list, dat binne we oars wend en dat moat einliks ek oars. Acht partoer op de list mei ien keatser út it eigen doarp. Ferline wike ha we op it NK keatst yn Tsjom mei 42 partoer op de list, dat is fansels ek in útsjitter nei ûnderen ta. Giet it dan min mei it keatsen? Miskien wol, mar der binne ek echt wol positive punten. Seker as we nei Mantgum as ferieniging sjogge. In protte jeugd op it fjild te trainen, yn de federaasje geane se der al op út. It stapke as stap moat noch makke wurde nei de KNKB, dan sjogge je ek wat oare keatsers. Op alle NK’s wie Mantgum fan de partij, manlju, froulju twadde yn Froubourren, junioaren en 50+. En net te ferjitten de earste priis op de Jong Famme partij. Mar no werom nei de Lytse PC, yn de earste omloop wurdt der yn fjouwer perken keatst, sadat we om goed alve oere klear binne mei de earste omloop. De lêste partij is wat letter klear want Jelle Cnossen hat wat opstartproblemen. Bauke Triemstra, de kening fan ferline jier, giet der de earste omloop ôf mei 1-5 6-6. Bauke daacht út, prikelet, mar it mei net helpe. De beide Littensers Simon Zijlstra en Pier Piersma winne harren partij mei 3-5 2-6. ‘Pier do hiest dochs ôfskied nommen?’ ‘Kloppet’, seit Pier, ‘mar ik wie bang dat it oars net trochgean soe, dus ha my mar opjûn.’ Klasse natuerlik en hy slacht lekker fan him ôf. Yn de twadde omloop kinne se net op tsjin Wessel v.d. Woud-en-dy, mei 5-4 6-2 is it dien. De oare partij op de twadde list wurdt ienfâldich wûn troch Haye Jan Nicolay mei 3-5 0-6.

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication