59

oktober 2021 59 Witte jim dat… → … der by Trui en Inne Schots wer kalebassen binne? Se jouwe dizze kalebassen fergees (gratis) wei. It ienige dat se freegje is in frijwillige bydrage foar Handicap. nl. Dit omdat der op dit stuit net in koördinator mear is foar dit fûns yn Mantgum. De fraach is dan ek tagelyk oft der immen yn Mantgum is dy’t dit op har/him nimme wol. Dyjinge kin kontakt opnimme mei Tryntsje van der GaliënJellema of Trui Schots. → … der op freed 26 novimber 2021 wer in ‘Verhalenavond’ wêze sil? It tema fan dit jier is “Taal fan myn hert”, in tema dêr’t in skala oan ferhalen oer te fertellen is. Op sa’n jûn binne yn hiel Fryslân hûnderten fertellers te finen op bysûndere lokaasjes, sa as tsjerken, bibleteken, húskeamers, kelders, neam mar op. Plakken dêr’st miskien dyn buorlju tsjin it liif rinst, mar faaks komst ek folslein ûnbekenden tsjin. Aardich idee foar Mantgum? Mear witte? Sjoch op verhalenavond.nl.

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication