44

De pleats op De Him Tritich jier op ‘e smûke Fearhûshoeke wenne, en dan ferkasse nei sa’n grutte âld pleats op De Him? In stap yn in ûnwisse takomst? Nee, hielendal net! Se ferwachtsje in prachtige tiid yn ‘e mjitte te gean! Jehannes Arendz en Adelma Hoekstra binne fan ’t simmer ferhuze nei de pleats dêr’t eartiids de famylje Van Muiswinkel buorke. Foar Jehannes is it eins wat er altyd graach woe: as boeresoan opgroeid op in pleats op Jeth wie it syn ideaal om boer te wurden, mar mei de superheffing en al dy tastannen waard it de agraryske boerehelp. Adelma komt fan Wytgaard, net fan in pleats, mar se wennen wol bûten út. Sy is de romte en winters de gûlende wyn om hûs en hear ek wol wend. 44 | Mandeguod Oktober 2023 Jehannes hat yn syn karrière ferskaat wurk by de ein hân – faak wol yn konneksje mei bûten of op in pleats wurkjen. Fiif jier lang hat er bygelyks yn de kassen wurke, syn taak wie om minsken dy’t lange tiid sûnder wurk sieten wer oan in baan te helpen. Miskien wie dat al in opstapke nei syn lettere wurk, want sa bedarre hy as learkrêft yn it ûnderwiis by it Nordwin College – tsjintwurdich Aeres. Mar dreamen oer it boerelibben bleaune der altyd wol. Jehannes en Adelma ha wol

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication