45

No kaam Jehannes wolris by Cees oer de flier, omdat hy as learkrêft oan it Nordwin College foar syn studinten in staazjeplak fine moast. Twa fan syn studinten hawwe in fêst kontrakt by Middelweerd krigen. Dat doe’t Cees in kear oanjûch dat er in petear ha woe mei Jehannes, fielde Jehannes al in bytsje oankommen wat de fraach fan Cees wêze soe: ‘Wolst wol op de pleats op De Him wenje om alles yn goede banen te lieden?’ It like Adelma earst wol op fleanen om op dy âld pleats te wenjen – mar se fielt har dêr no al hielendal thús sûnt se yn july dêr hinne ferhuze binne. Se hiene de frije hân om de foarein fan de pleats nei eigen ynsicht op te knappen, dat it âlde board is fan de balken ôf helle, alles is skuorre, restaurearre en ferve en it balkenplafond sjocht der no wer kreas út. Se ha net ferboud, allinnich in ekstra wand is der pleatst, want se woene ûnder sliepe. En net te ferjitten: it útsicht is grandioas! gauris mei freonen op fytsfakânsje west, en dan fantasearren de beide manlju der wol oer dat se altyd dochs noch wol ris boer wurde woene. Unferwachts kaam der doe foar Jehannes in mooglikheid om dy dream yn te wikseljen foar werklikheid. In pear jier lyn kocht Cees Middelweerd fan Skillaerd de pleats fan de famylje Van Muiswinkel op De Him oan. Eins wie doe op de pleats op De Him in bedriuwslieder nedich: immen dy’t syn basis dêr hat, dy’t minsken oanstjoert en fertroud is mei de bisten op ‘e pleats. De hûn is mei ferhuze, en de hinnen binne ek krekt oankommen. Mar de poesen binne op de Fearhûshoeke bleaun. Hoe kin dat no? wolst witte. Wel, it hûs op de Fearhûshoeke hoegde net ferkocht of ferhierd te wurden, want harren beide soannen Wisse en Jeen wenje der noch. Wisse timmeret wakker oan syn nije hûs, mar dat is dochs noch net klear. En Jeen studearret yn Grins, mar om dêr in keamer te finen is in crime. Ek wol noflik, fynt Adelma, hoegden se net al harren guod út it hûs te ferhúzjen. Want op de pleats is foar Adelma ek → Mandeguod Oktober 2023 | 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication