Winnaars: Laas Pieter van Straten, Marten Bergsma (K), Hessel Postma, foto: Jelmer Jonker Heale finale No yn ‘e heale finale begjint de kwaliteit boppe te driuwen. It giet no om de prizen! De earste heale finale: Auke Boomsma, Jelmer Miedema en Jan Bandstra tsjin Redmer Cnossen, Michel v.d. Veen en Jari Visser. It partoer fan Redmer Cnossen rint direkt nei in 3-0 foarsprong. Dan docht it partoer fan Auke Boomsma wat werom. It wurdt 3-1. Mar dernei ek 4-1. It rint lyk op yn de earsten mar it partoer fan Redmer is derby as it earst pakt wurde moat. It partoer fan Auke Boomsma jout de moed net op en komt oant 4-2 yn earsten werom. Dêr bliuwt it by. It wurdt 5-2 en de lêste ballen wurde fantastysk opslein, yn it lêste earst wurdt op 6-6 de partij mei in sitbal beslist yn it foardiel fan it partoer fan Redmer Cnossen. Hij hat in blessure, kin net fierder keatse en wurdt ferfongen troch Thom Stellingwerf. De twadde heale finale: Corné Tuinenga, Hendrik Jan v.d. Velde, Gjalt Sjirk de Groot tsjin Marten Bergsma, Hessel Postma en Laas Pieter van Straten. Dit is de kreaker dêr’t wy as publyk de hiele dei op wachte hawwe. Fjoerwurk mei twa opslaggers yn foarm. It giet gelyk op nei earsten gelyk, en dernei wurdt it ek → Mandeguod oktober 2024 | 43
44 Online Touch Home