Hans Wassenaar stjoert opnij in bal nei de boppe en makket de partij dêrnei eigenhannich út mei in poerbêste sitbal. Finale: Nei in moaie heale finale folget faak in iensidige finale. Mar neat wie minder wier, wy krigen noch in skitterende partij! De twadde finalist wie it partoer fan Karst Hoekstra, Silvan Elzinga en Tymen Bijlsma. Sy wûnen harren earste twa partijen mei 5-2 en 5-3 yn earsten en hiene yn de heale finale in steand nûmer. It partoer fan Karst Hoekstra begjint goed oan de finale. Se keatse deeglik en rinne troch in tal kwea-slaggen en opslachflaters út nei in 2-0 foarspong. Ek yn it tredde earst reinde it opslachflaters en komme se op 3-0 foarsprong yn earsten. It partoer fan Renze Pieter Hiemstra sil no dochs mei in antwurd komme moatte, en dat dogge se. Se litte har klasse sjen en komme werom nei 3-1 en 3-2. Ek it 6e earst falt ta proai oan it partoer fan Renze Pieter Hiemstra mei twa boppeslaggen út it perk wei en opnij in sitbal mei Hans Wassenaar oan de opslach, de 3-0 efterstân fuortpoetst. Yn it folgjende earst wurdt der wiksele op in stân fan 3-3 6-6. Hans Wassenaar mei sels wer opslaan, in bal leech foaryn wurdt útslein mar komt de keats net foarby. Sa komt it partoer fan Renze Pieter Hiemstra foar it earst op in 3-4 foarsprong. De skerpte wurdt dernei wat loslitten, dat makket dat se it folgjende buordsje weijaan en Karst Hoekstra mei in sitbal werom komme kin oant 4-4. Soe dan alles oan de hang komme hjoed? Renze Pieter Hiemstra c.s. komme op in 4-5 foarsprong, mar it wurdt ek wer 5-5. Der komt in alles beslissend lêste earst. Wint de ûnderfining of wint it deeglik keatsspul fan de jonge garde? Yn it lêste earst wurdt it 4-4. Dan is der in gelokich momint foar Hans Wassenaar yn it perk. Hy glydt út, kin net by de bal mar sjocht de bal krekt njonken it perk fallen. Karst Hoekstra har partoer stiet op ‘e dea. Mei al dy druk oan de opslach bringt er de bal yn, lykwols de klasse fan Renze Pieter Hiemstra soarget derfoar dat dizze bal ta in boppeslach liedt. Ûnderfining wint dit kear yn in alles beslissend earst fan ‘e jeugdichheid! De keningskommisje besleat dat Hans Wassenaar yn syn dûbelrol fan achterynse en foar bêst opslagger kening waard. Sa’n lêste keatsdei fan it jier fertsjinnet mear keatsers en publyk, it is dochs de útsetter fan it keatsseizoen. Wa wit kin in evaluaasje en frisse ideeën der ta liede dat de keatsers it paad nei Mantgum takom jier wer massaal fine kinne. Utslach: 1. Renze Pieter Hiemstra, Deinum. Hans Wassenaar (K), Bitgummole. Elgar Boersma, Stiens, 2. Karst Hoekstra, Blija. Silvan Elzinga, Bolsward. Tymen Bijlsma, Bolsward, 3. Jorrit Nanninga, Dronrijp. Jarno Feenstra, Exmorra. Rink Sterk, Sint Annaparochie. Jesse Cuperus Mandeguod oktober 2025 | 41
42 Online Touch Home