In skoftke hiene we hjir in mear klassike print, mar dat wie my dochs wat te sêft. Fansels hinget der ek in protte wurk fan de bern oan de muorre. Dat soarget ek wer foar kleur en fariaasje. Dit skilderij hat Imke by ús gastâlder Jetske skildere. De kleuren knalle der ôf. We eindigje efkes by ús op it húske. Dêr hinget nammentlik net in kalinder mar in poster op de doar. It is de poster van de Grote Vriendelijke Podcast top 100. Elts jier makket dizze podcast in poster mei derop de 100 moaiste berneboeken fan dat momint. Dat kinne klassikers wêze as krekt nije titels. Boeken foar beukers en boeken foar jong folwoeksenen. Myn doel is om alle 100 te lêzen. Op dizze kalinder hâld ik mei lytste stikkerkes by hoe fier ik al bin. Sommige boeken lês ik sels, oaren lês ik mei de bern. Soms sitte der boeken by dy’t je fuort pakke en soms moast der efkes yngroeie. Ik bin al in hiel ein dy kant op en ferwachtsje yn desimber alles lêzen te hawwen. Dus mochten jimme noch in moai berneboek sykje, lit mar witte! Sjoukje de Jong By dizze jou ik de pinne troch oan ús mem, Klaasje de Jong Mandeguod oktober 2025 | 45
46 Online Touch Home