51

Fan trije oere ôf mochten de bern los. De lytskes koene in echte spoarespeurtocht dwaan en de wat gruttere bern koenen al harren enerzjy kwyt tidens de ekspedysje. Mei boaten, oer netten en oer touwen folgen se in hiel parkoers rûnom Boppeslach. Drûch bliuwe wie pittich, mar mei it moaie waar makke dat neat út fansels. Oan ’e ein fan ’e middei wienen de folwoeksenen en âldere jeugd oan ’e beurt. Ek hjir gie in moai groepke dielnimmers fan start. Undertusken begûn de muzyk te spyljen en waard it hieltyd drokker ûnder de prachtige tinte fan Jan Watze. Doe’t ek de fytsters en de boatsjefarders werom wiene, waard it tige gesellich. By de foodtruck waard omraak snackt en de earste fuotsjes gienen fan ’e flier. Om 18:00 oere wie der dan ek noch de fiskwedstriid, foar jong en âld, mar foaral in grut sukses by jong. Bern dy’t foar it earst in angel yn ’e hannen krigen en fuort al wat omheech helje koene. Hans en Cathy hiene hjir de lieding, en wy tinke dat dit dochs wer in oantal jonge fiskers opsmiten hat. Nei ôfrin fan de fiskwedstriid kaam in ein oan de organisearre aktiviteiten, mar fansels noch net oan de neisit! Wy hawwe it mei-inoar tige gesellich hân. Ta beslút wol ik, út namme fan de organisaasje, elkenien dy’t holpen hat mei it opbouwen, oprêden, tarieden en útfieren hiel hertlik betankje. Soks kin wol wer ris! Sjoukje de Jong Mandeguod oktober 2025 | 51

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication