49

november 2021 49 Tusken Tsjerke en Kroech Ek dit jier is ús reguliere TTeKtocht net trochgien fanwege de coronamaatregels en hoe oft it yn 2022 gean sil doare wy noch net te foarspellen. Wy fûnen it as bestjoer wol aardich alfêst wer in priuwke te jaan fan wat wy miskien yn 2022 wer organisearje sille en dêrom hawwe wy in soarte fan “startprogram” organisearre: op snein 21 novimber, de middeis om trije oere sille foar ús optrede yn De Wjukken doarpsgenoat Ate de Jong en hast-doarpsgenoat Inez Timmer fan Weidum. Ferline jier soe Ate de Jong yn’e Reade Rûte ús it ferhaal dien hawwe oer de oerfal dy’t op 6 desimber 1944 troch it ferset dien is op it gemeentehûs oan ’e Seerp van Galemawei, wêrby’t 1.700 persoansbewizen yn hannen kamen fan it ferset. Oer dizze aksje is by de Mantgumers fan hjoed net in soad mear bekend en Ate sil it publyk hjir oer fertelle. Mar Ate krijt ek selskip: foar it skoft sil Inez Timmer dy’t har paadsje yn’e musical- en folkwrâld wol skjinfage hat in tal lieten sjonge út har rippertoire dy’t passe by it ferhaal fan Ate, lieten oer en út ’e Twadde Wrâldkriich. It wurdt grif in fijne middei! De yntree is € 5,00, jimme kinne ek tefoaren reservearje op frisia1974@gmail.com

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication