50

50 Mandeguod Missing Airmen Memorial Foundation “Sporen van de luchtoorlog 1940-1945”. Fan ’t maaitiid útkommen: in hânsum boekje mei beskriuwings fan twa stedskuiers en twa fytsrûtes yn en om Ljouwert hinne. Mei in ôfgryslik soad ynformaasje. Ynformaasje oer alle bommen en fleantugen dy’t yn de oarloch delkommen binne yn Ljouwert en omkriten. In boekje mei ek in hiel soad foto’s, en dat skreaun is troch ús doarpsgenoat Alexander Tuinhout. Alexander - sûnt in jier as trije wennet hy mei Henny oan It Hiem. Alexander is opgroeid yn Ljouwert en Henny har roots lizze yn Reduzum. Mantgum is dus in kompromis om dochs yn in doarp te wenjen, en tagelyk ticht by Alexander syn wurk. Alexander wurket as archivaris by it HCL, it Historisch Centrum Leeuwarden. Platwei sein: sneuper fan berop dus. En ien fan de ûnderwerpen dêr’t hy grutte ynteresse foar hat binne de fleantugen dy’t yn de twadde wrâldoarloch delkommen binne yn Fryslân. Mei kollega Nykle Dijkstra en Douwe Drijver fan it Fries Verzetsmuseum binne hja de driuwende krêften achter de ‘Stichting Missing Airmen Memorial Foundation’. Makabere hobby, soest sizze. Mar nee, de mannen sette noch gjin skeppe yn de grûn yn harren speurtocht nei fermiste en ûnbekende fleantugen en fleaners: alle ynformaasje helje se út argiven, út logboeken, út ynformaasje fan neibesteanden en alle oare boarnen Alexander Tuinhout dy’t der binne en dêrnei wurdt alle ynformaasje kombineard. En it is net louter hobby, it is ek in part fan Alexanders wurk. It HCL jout geregeldwei kuier- en fytsrûtes lâns allerhande monuminten yn en om Ljouwert út. Yn 2008 kaam it earste boekje “Sporen van Joods leven” út, letter b.g. “Sporen van vermaarde vrouwen”, “Sporen van een industriëel verleden” en “Sporen van Alma Tadema”. Dit boekwurkje oer ‘Sporen van de luchtoorlog’ is al nûmer 31! SMAMF Alexander syn ynteresse foar de yn de oarloch delstoarte fleantugen is in jier as 25 lyn al begûn. Hy frege him doe ôf wat der eins bard wie mei de Amerikaanske fleaner dy’t destiids telâne kommen wie op it hiem fan syn oerpake flak by de Snitser Mar. Dy fleaner wie ferwûne, en hy is doe nei it sikehûs brocht. Dat brocht fansels wol it risiko mei dat de Dútsers him dan oppakke soene, wat ek barde. Ut neifraach die gelokkich bliken dat dy

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication